Sven iepenet Schoolontbijt

26 okt 2008 - 08:31
  • Sven Kramer iepenet it moarnsbrochje

Reedrider Sven Kramer iepenet moandei de 'Week van het Nationaal Schoolontbijt'. Dat docht er op iisbaan De Vechtsebanen yn Utrecht, tegearre mei in groep skoalbern. Mei-elkoar dogge 2200 skoallen mei oan it moarnsbrochje. Dêr sit ek in grut tal Fryske skoallen by.

It Nationaal Schoolontbijt wurdt organisearre troch it 'Voorlichtingsbureau Brood'. De wike is bedoeld om bern te learen oer it belang fan in goed moarnsmiel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)