Atletyknijs

Tido Tinga (foto: Martin de Jong)
Tido Tinga fan Boalsert hat sneon de 15,5 km lange Strontrin yn Warkum wûn. Tinga wûn yn'e einsprint fan Hero Polet fan Snits, yn in tiid fan 56'51". By de froulju gie de winst nei Ylona Kruis fan Ysbrechtum. Sy rûn in tiid fan 1.04'45".
Andrea Deelstra hat yn har wenplak Dwingeloo de earste fjildrin fan dit seizoen wûn. Mirjam Bijlsma fan Súdlaren waard twadde en Lydia Klessens út Ljouwert tredde. Marco Gielen út Venlo wûn by de manlju.