Winst en ferlies yn haadklasse

25 okt 2008 - 16:28

Der wie sneon wikseljend súkses foar de Fryske haadklassers. Koprinner Harkemase Boys wûn thús mei 3-1 fan Excelsior '31. De ploech fan trener Henk de Jong kaam op in 2-0 foarsprong troch goals fan Roel van der Meulen en Martijn Barto. Yn 'e slotfaze krige Excelsior in penalty en brocht sa de spanning werom. Mar op 'e nij Barto makke oan alle spanning in ein mei syn twadde doelpunt.

ONS Snits ferlear kânsleas fan HHC. Yn Hardenberg waard it 2-0.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)