'Weilandgames' yn Folsgeare

Folsgeare wie sneon it poadium foar de 'weilandgames'. Dus net de highlandgames, mar de greidespullen. It is in inisjatyf fan sterke man Wout Zijlstra. Hy wûn yn it ferline meardere grutte prizen en sette in ferskaat oan Nederlânske en wrâldrekords del. No wol er syn kunde oerdrage oan in nije generaasje.
Tachtich dielnimmers diene sneon mei oan it hammer-, gewicht-, beamstam- en stiensmiten.