Beropsfeart tsjin Natura 2000

24 okt 2008 - 20:29

Undernimmers yn de frachtfeart, ferladers en baggeraars ferienige yn it Centraal Overleg Vaarwegen wolle net dat de hiele Iselmar oanwiisd wurdt as Natura 2000-gebiet. Se ha dêr beswier tsjin oantekene. Yn totaal wurde der yn hiel Nederlân 162 fan dizze natoergebieten oanwiisd. Dêroer binne Europeeske ôfspraken makke.

De beswiermakkers binne benaud dat hjirtroch de skipfeart yn de fargeulen yn de knipe komt. Ek it ûnderhâlden fan de geulen kin dreger wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)