Oplichters aktyf yn Drachten

24 okt 2008 - 20:04

De plysje warskôget foar twa jonges dy't yn Drachten falske lotten foar de Grote Club-aksje ferkeapje. Ek sammelje se jild yn foar in net besteande sponsorloop. De plysje waard ynskeakele troch in fuotbalclub yn Drachten. Dy hie de jonges ûnder oare oan it wurk sjoen yn de Boelensstraat, Reindingweg en Wilgepol.

Neffens de plysje giet it om twa tinte jonges fan in jier as fyftjin. It is net dúdlik hoefolle minsken al troch har oplichte binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)