Skip De Hoop leit yn twaen

24 okt 2008 - 16:59

Twamaster De_Hoop leit yn twaen op skipswerf Welgelegen yn Ljouwert. It skip út 1911 wurdt mei fiif meter ferlingd. Dit fanwege nije regeljouwing foar charterskippen dy't yn 2012 yngean sil. Der wurdt in hiel nij stik tusken makke, mei nije hutten en nij sanitêr. De hiele operaasje kostet twa euroton.

De Hoop is ien fan de earste klippers dy't brûkt waard foar de passazjiersfeart. It skip wurdt nei de ferlinging 31 meter lang.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)