No al karbid yn Twizelerheide

24 okt 2008 - 12:25
  • jeugd sjit no al mei karbid (argyffoto)

Al sûnt septimber ha ynwenners fan Twizelerheide lêst fan karbidsjitten. Midden yn it doarp sjit de jeugd der alle jûnen mei karbid. Gewoanwei wurdt inkeld yn de oanrin nei Aldjiersdei mei karbid sketten.

De plysje, gemeente en jeugdwurk binne dwaande it probleem oan te pakken troch mei de jeugd te praten. It is dreech de dieders te pakken. Mooglik is der te min te dwaan foar de jongeren. It jeugdhonk is twa jûnen yn de wike iepen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)