Drugs bûten finzenis hâlde

24 okt 2008 - 12:13
  • finzenis wol drugs bûtendoar hâlde

Finzenis De Marwei yn Ljouwert nimt maatregels om drugs bûten de doar te hâlden. It bart noch te faak dat drugs binnensmokkele wurde en dêrnei brûkt wurde op de sel.

Steatssekretaris Albayrak hat tongersdei oankundige dat drugs yn de finzenis oanpakt wurde moat. Direkteur Golstein fan De Marwei is it dêrmei iens. De finzene dy't trappearre wurdt op it brûken fan drugs, wurdt straft mei opsluting yn de sel of isolear. Dat hinget ôf fan it type drugs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)