Oprop oerlêst te kearen

24 okt 2008 - 12:05

Ynwenners fan Hoarnstersweach en Jobbegea wurde oproppen in ein te meitsjen oan de oerlêst fan jongeren. Al in skoft binne der problemen mei jongeren dy't ûnder ynfloed fan alkohol en drugs minsken lestich falle en saken ferniele.

De ynwenners krije nije wike de brief. Dy is opsteld troch it buertsintrum, de ûndernimmersferiening en Pleatslik Belang. Yn de brief wurde âlden oproppen har bern te warskôgjen foar de gefaren fan drugs en alkohol.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)