Leaver begroeven as kremeard

Tsjerke belangryk by útfeart
Friezen wurde leaver begroeven as dat se kremeard wurde. Dat docht bliken út ûndersyk fan útfeartbedriuw Monuta. Ek wolle minsken yn Fryslân it leafst yn in grize auto te hôf brocht wurde.
Foar Friezen spilet it leauwen in belangrikere rol by de útfeart as yn oare provinsjes. As it giet om kreativiteit by in útfeart, skoart Fryslân it leechste fan Nederlân. Krekt wat mear as de helte fan de Friezen fynt dat it kreativer kin. Yn Limburch is dat hast 70 prosint.