Snits pleatst defibrilatoaren

Snits wol defibrilatoaren pleatse
De gemeente Snits lit it pleatsen fan defibrilatoaren mooglik sintraal regelje troch it Antonius-sikehûs. Dat ha de partijen bepraat. De ried moat it beslút dêroer formeel noch nimme.
It sikehûs fersoarget foar de gemeente Nijefurd ek it pleatsen fan defibrilatoaren. Mei dy apparaten kinne minsken dy't troffen wurde troch in hertoanfal gau earste help krije. Doel is dat de defibrilatoaren op maklik tagonklike plakken komme te hingjen.