Bisten sjen yn Balk

24 okt 2008 - 10:09

Op de Gaasterlânshow binne mear as tûzen bisten te sjen. De show wurdt foar de 40ste kear yn Balk organisearre. It giet om hinnen, kninen en kavia's. Earder binne wolris mear as twatûzen bisten oanfierd, mar dat wurdt net mear helle.

Mear as 60 fokkers út it hiele lân litte har bisten yn de sporthal sjen. De karmasters ha tongersdei de priiswinners bekendmakke. It giet om de eare. Freed en sneon is it tagonklik foar publyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)