B'him ferkeapet huzen net

24 okt 2008 - 09:55

De gemeente Boarnsterhim hat besletten twa huzen yn Grou net te ferkeapjen. De twa huzen oan it Brêgepaad waarden by ynskriuwing te keap oanbean. Mar de gemeente fûn dat der net genôch bean waard en wol se dêrom net op dy wize kwyt.

Se sille no fia de makelder wer op de merk brocht wurde. De gemeente hat de huzen yn de ferkeap, om't se op grûn steane dy't fersmoarge west hat. Der wie 175.000 en goed 180.000 euro foar bean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)