Minder kâns Alvestêdetocht

24 okt 2008 - 06:22

Ien kear yn de 18 jier kin der noch mar in Alvestêdetocht riden wurde. Dat ha ûndersikers fan it Planbureau voor de Leefomgeving berekkene. Yn 1999 wie de kâns op in Alvestêdetocht ien kear yn de tsien jier, mar troch de klimaatferoarings is dy kâns bot minder wurden.

De Feriening Fryske Alvestêden kin net sa folle mei de berekkeningen, seit foarsitter Wieling. De tocht kin noch hieltyd alle jierren oangean en dus moat de feriening der klear foar wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)