Argeologysk stipepunt iepene

23 okt 2008 - 23:00

Snits hat as earste Fryske stêd in argeologysk stipepunt en is dêrmei ek de earste yn de Súdwesthoeke. Wethâlder Hans van den Broek iepene it tongersdeitejûn yn de bibleteek. Der binne op dit stuit sân stipepunten yn Fryslân.

Troch it wurk oan diken en akwadukten by Snits is der in soad spul út de tiid fan de Romeinen en de midsieuwen fûn. De kosten bedrage tritichtûzen euro. Dy wurde betelle troch de gemeente en de provinsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)