Dochs jild foar bedriuwen

23 okt 2008 - 17:42

In driigjende besuniging op subsydzje foar bedriuwen dy't harren yn it noarden festigje wolle, liket foar in part weromdraaid te wurden. Der wie mear as 20 miljoen euro beskikber. Dat soe takom jier weromgean nei 12 miljoen euro.

Op inisjatyf fan de PvdA yn de Twadde Keamer is dêr hjoed besocht wat oan te dwaan yn it debat oer de begrutting en dat hat holpen. Jild dat dit jier oerbliuwt, is takom jier beskikber foar subsydzje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)