Sykaksje Lutine leit stil

It ponton yn 'e haven fan Harns
De sykaksje nei it wrak fan de Lutine is foarearst stopset. It waar soe de reden wêze. It ponton, dêr't it ûndersyk fanôf dien waard, leit wer yn de haven fan Harns.
By de sykaksje is de Ingelske fersekerder Lloyd's ek belutsen. Dy hat ea de skea útkeard doe't it skip mei in soad goud oan board fergie. Der binne ôfspraken makke oer wat der bart as der noch goud fûn wurdt. Wat dy ôfspraken krekt ynhâlde, wol Lloyd's net sizze.