Klimaatûndersyk It Amelân

23 okt 2008 - 15:12

Op it Griene Strân tusken Ballum en Hollum op It Amelân wurdt op dit stuit ûndersyk dien nei de krêft fan de dunen dêr. Undersikers fan de Wageningen Universiteit wolle witte hoe't de dunen har hâlde yn dizze tiid wêryn it klimaat rap feroaret.

De mjittings wurde dien mei grutte apparaten. Mei wittenskiplike modellen kinne de feroarings fan de foarm fan de dunen al aardich foarsein wurde, mar de snelheid net. It ûndersyk moat dêrby helpe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)