Nije Havank bot populêr

De earste Havank Ross is rôversguod...
Der is in soad fraach nei de nije Havank. ´Het Caraïbisch Complot´ fan Thomass_Ross waard woansdei yn Utrecht presinteard en der binne al 10.000 eksimplaren nei de boekhandels gongen. Ross hat fanwege it 140-jierrich bestean fan útjouwerij Bruna in nije Havank skreaun.
Havank wie it pseudonym fan de Ljouwerter skriuwer Hendrikus van der Kallen. Hy waard nei de oarloch bekend mei de boeken oer ynspekteur Carlier, better bekend as De Schaduw.