Jonge (16) mishannele

23 okt 2008 - 09:50

In 16-jierrige ynwenner fan Broeksterwâlde is woansdeitenacht mishannele yn syn wenplak. De jonge waard op ´e holle slein en foel dêrtroch mei de fyts. Hy rûn ferskate ferwûnings op. De fyts rekke fernield.

De dieder is yntusken oppakt troch de plysje. Hy siet by in groep dy´t earder op de jûn rûzje hie mei de groep dêr´t de jonge út Broeksterwâlde mei fuort wie. De twa groepen troffen elkoar yn in diskoteek yn Quatrebras.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)