Krisis De Westereen foarby

© Omrop Fryslân
De bestjoerskrisis yn doarpsbelang De Westereen is foarby. Woansdei stimden leden yn grutte mearderheid foar it noch sittende bestjoer fan fiif leden. In oare opsje wie de kar foar twa leden dy´t wegeren it bestjoer te ferlitten nei spul oer de nije plaknamme.
Yn jannewaris keas it bestjoer foar de namme Westereen ynstee fan Westerein of Zwaagwesteinde. De twa bestjoersleden wiene it dêr net mei iens. De stimming fan woansdei moast definityf in ein meitsje oan it skeel.