Utlevering Bolt fertrage

© Omrop Fryslân
Frachtweinsjauffeur Klaas-Jan Bolt moat noch langer yn de Frânske sel bliuwe. De Harnzer dy't fêstsit foar drugssmokkel soe op 31 oktober troch Frankryk útlevere wurde. Mar dy datum wurdt net helle, omt de oersetting fan de útleveringsdokuminten pas heal novimber klear is.
Advokaat Mark Teurlings is bot teloarsteld oer de fertraging fan de útlevering. Hy besiket no Klaas-Jan Bolt fia de Frânske rjochter fuortdaliks frij te krijen.