Nominaasje It Amelân Kunststad

22 okt 2008 - 17:49

De gemeente It Amelân is ien fan de 13 gemeenten yn Nederlân dy't nominearre is foar de titel Kunststad 2008. De titel giet úteinlik nei it plak dat de byldzjende keunst binnen en bûten de gemeente it meast stimulearret.

De sjuery sjocht foaral nei nije aktiviteiten. It Amelân komt yn oanmerking omdat se alle jierren yn novimber in Keunstmoanne organiseare. De priisútrikking is op 31 oktober yn Schiedam mei minister Plasterk fan Kultuer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)