Amtner foar skoalskûljen

22 okt 2008 - 17:05

Yn Littenseradiel wurdt as earste gemeente yn Fryslân in kwalifikaasjeplichtamtner oansteld. Dizze amtner speurt nei spijbeljende bern yn it middelber beropsûnderwiis.

De funksje is fergelykber mei in learplichtamtner dy't em op skoalfersom yn it leger en fuortset ûnderwiis rjochtet. Amtner Corrie Klat sil dizze moanne sykje nei jongeren dy't harren wol ynskreaun ha foar in oplieding, mar noch net op skoalle west ha.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)