Sulverpoetse foar 'begjinners'

Kursus sulverpoetse foar meiwurkers
Yn it Fries Museum yn Ljouwert wurdt nije wike foar it earst in kursus sulverpoetsen foar museummeiwurkers hâlden. It giet om in inisjatyf fan de museumfederaasje. Alde, kostbere sulveren foarwerpen, kinne maklik skea oprinne as se ferkeard poetst wurde.
In saakkundige op it mêd fan it konsearvearjen fan sulver sil de meiwurkers leare hoe't se dat foarkomme kinne. De kursus fan nije wike moat in foarbyld wurde foar de rest fan it lân.