Riemer van der Velde nei KNSB

© Omrop Fryslân
Reedridersbûn KNSB hat âld-Hearrenfean foarsitter Riemer van der Velde frege om lid te wurden fan 'e kommisje Schenk. Dy kommisje moat in nije struktuer betinke dêr't de belangen fan 'e amateurs en de profesjonals goed by fertsjintwurdige wurde. Foarsitter fan dizze kommisje is âld reedrider Ard Schenk. Ek Rintsje Ritsma sit yn dizze kommisje.
Koartlyn kaam der benammen fanút de profploegen in protte krityk op it funksjonearjen fan de KNSB.