Leararen stake nije wike

De learlingen miskien in ekstra dei frij
De kâns is grut dat in soad Fryske skoallen yn it fuortset ûnderwiis nije wike tongersdei de doarren ticht hâlde. It ûnderwizend personiel sil dan stake foar in betere CAO. It Algemiene ûnderwiisbûn AOB hat in lanlike estaffettestaking útskreaun neidat tiisdei it ultimatum oan de wurkjouwers ferrûn is.
It AOB easket û.o. in ferleging fan de wurkdruk foar dosinten en in flinke leansferheging. De staking begjint moandei yn Den Bosch.