Alfred J. Kwak yn Ljouwert

Teatermakker Herman van Veen is mei in foarstelling fan Alfred Jodocus Kwak yn Ljouwert. Op de skoalle ROC Friese Poort hat hy mei 14 studinten yn fjouwer dagen tiid in foarstelling makke. It meitsjen fan de foarstelling is foar de studinten in workshop. It giet om studinten fan de oplieding dosint Drama.
De foarstelling is twa dagen te sjen. Tiisdeitejûn wie de earste, woansdeitejûn folgje der noch twa.