Mink nije havenmaster Langwar

21 okt 2008 - 16:05

Sjongeres Mink wurdt de nije havenmaster fan Langwar. Se folget de ferneamde havenmaster Menno Sappé op dy't koartlyn ôfskied nommen hat. Der wiene 12 gadingmakkers foar de funksje.

Sjongeres Mink, yn it deistich libben Minke Adema, krijt no de ferantwurding oer de haven dy't plak biedt oan 170 boaten. Mink wol har muzikale karriêre kombinearje mei it havenmasterskip.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)