Wurk Drachtsterfeart stillein

21 okt 2008 - 15:55

It útgraven fan de Drachtsterfeart is foar ûnbepaalde tiid útsteld. De projektûntwikkelder en de gemeente hiene earder ôfpraat dat dizze wike mei de graafwurksumheden begûn wurde soe, mar de Wind Groep kin dat net wiermeitsje. It bedriuw hat troch de kapitaalkrisis en de fertraging yn de wenningbou yn it projekt gjin jild foar de oanlis fan de Drachtsterfeart.

Pas as der genôch nijbouwenten ferkocht binne, giet Wind fierder mei de graafwurksumheden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)