Stellen spulpunten strafber

21 okt 2008 - 14:39

It stellen fan punten yn in kompjûterspultsje is like strafber as it stellen fan bygelyks stroom. Dat hat de rjochtbank yn Ljouwert tiisdei bepaald yn de saak fan twa jonges fan 14 en 15. Se moatte elk in wurkstraf dwaan, omdat se in jonkje fan 13 jier bedrige hawwe mei messen en geweld en doe syn punten yn it kompûterspultsje Runescape ôfpakt hawwe.

Der wie 180 wurkstraf easke troch justysje. De jonges krije respektivelik 160 en 200 oeren oplein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)