Wurksumheden A32 Wolvegea

21 okt 2008 - 11:23
  • Der is mar ien rydbaan beskikber

Rykswettersteat begjint tongersdei mei it opknappen fan de A32 tusken Wolvegea en Stienwyk. De fundearring ûnder dy dyk is fuortsakke. Dêrtroch sitte der djippe kûlen yn en is de dyk net mear feilich. Noch foar de Krystdagen moat de dyk yn noardlike rjochting opknapt wêze.

De oare kant rjochting suden folget noch foar de simmer. Om't der aanst rjochting Fryslân mar ien rydbaan is moat it ferkear rekken hâlde mei fertragings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)