Tekoart psychiaters GGZ

21 okt 2008 - 09:56

De GGZ Fryslân hat in grut tekoart oan psychiaters. Dat tekoart is sels sa grut dat se op guon plakken net mear de soarch biede kinne dy't har frege wurdt. Dêrom hawwe se besletten de stekker te lûken út de GGZ-klinyk yn it Antonius Sikenhûs yn Snits.

Yn de klinyk waarden op it stuit 20 pasjinten behannele, mar neffens it Antonius barde dat mei te min psychiaters. Se hiene de GGZ dan ek frege om ekstra minsken yn te setten, mar dat is dus net te dwaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)