Utfallers by Strontrace

21 okt 2008 - 06:48
  • Moandei wie de start fan de strontrace

Moandei is yn Warkum de 35e Strontrace fan start gien. Goed 60 skippen dogge mei oan de race nei Warmond en werom. Yn Warmond moat dan wol tradisjoniel de stront útladen wurde. De skippen hawwe in drege nacht hân mei in soad wyn en wetter.

De Twee Gezusters is útfallen nei in oanfarring op de Iselmar mei it skip Maria. Der wie allinnich materiële skea. It lytste skip De Gudsekop is yn Warkum bleaun, sy doarden mei dit minne waar de oerstek net oan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)