Kontrôle lossen wetter dreech

20 okt 2008 - 16:54

It wettersportferbûn yn Fryslân freget it ferantwurdlik ministearje hoe't se tinke in ferbod te kontrolearjen op it lossen fan ôffalwetter út skippen.

Wettersporters mei in húske dat direkt op it bûtenwetter útkomt, meie dat fan 1 jannewaris takom jier net mear dwaan. Ek in amer mei smoarch wetter mei net sa mar de plompert yn. Minsken dy't dat al dogge moatte op 'e die betrape wurde en dat wurdt neffens it wettersportferbûn in poepetoer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)