Jildpine foar kowerêsthûs

20 okt 2008 - 16:25

Oan it fuortbestean fan it kowerêsthûs yn Sânhuzen driget in ein te kommen. De needklok wurdt let, om't der net genôch jild is om it bedriuw draaidende te hâlden. De kosten foar ûnderhâld fan de bisten binne bot omheech gien en it tal stipers rint werom.

It tekoart is no sa'n 5000 euro. Op dit stuit fersoaget it kowerêsthûs sa'n seisentritich kij en fjouwer bollen. Der stean noch sa'n tritich bisten op de wachtlist.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)