Stimmasines gjin funksje mear

By de kommende ferkiezings sil yn hiel Nederlân wer mei it reade potlead stimd wurde. De stimmasines soene neffens de oerheid net betrouber genôch wêze en dêrom steane de masines no sûnder funksje op it gemeentehûs.
De gemeente Skarsterlân hat sûnt 1998 stimmasines en sil de masines no al ferneatigje. Nei alle gedachten sil der oer trije of fjouwer jier wer in nije stimmetoade wêze en moatte alle gemeenten dan wer op 'e nij stimmasines oantuge.