Liet Lavlut wer nei Fryslân

Liet Ynternasjonaal komt yn 2009 sa goed as wis wer nei Fryslân. Dat makke de organisaasje sneon yn Sweden bekend nei ôfrin fan it festival fan dit jier. It wurdt dan de fjirde kear dat it yn Fryslân holden wurdt. Stichting Liet '91 is yn oerlis mei de provinsje Fryslân en de gemeente Ljouwert oer de finânsjes foar it festival.
Noch foar Krysttiid moat dúdlik wêze oft Liet Ynternasjonaal yndie takom jier yn Fryslân plakfynt. Dit jier wie it yn de Noard-Sweedske stêd Lulea.