Ferkearsoerlêst op A7

© Omrop Fryslân
Automobilisten dy't moandeitemoarn nei Grins moatte, krije te meitsjen mei grutte ferkearsoerlêst. Wurksumheden tusken op de A7 tusken It Hearrenfean en Grins rinne út.
It hiele wykein hat de dyk tusken Grins-West en it Julianaplein ôfsletten west. Doel wie foar de spits fan moandeitemoarn de dyk wer iepen te stellen, mar dat slagget net. Grins is as gefolch derfan út de rjochting fan Fryslân net oer de sneldyk te berikken.