Ferfelende Ryptsjerker oppakt

19 okt 2008 - 15:08

In Ryptsjerker (28) is yn de nacht nei snein oanholden. In bestjoerster (22) út Droegeham wie om midsnacht hinne ûnderweis nei in feestje en wist net krekt wêr't se wêze moast. Se frege yn Mûnein in man mei in hûn nei de wei.

Dizze man woe, sûnder dat er tastimming hie, meiride en woe syn hûn alfêst yn de auto litte. De freon fan de bestjoerster makke beswier en hold de hûn tsjin. De man waard lilk en skopte tsjin de auto. Hy is letter oanholden op de Keatsjemuoiwei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)