Hajé Flyers ferlieze

19 okt 2008 - 14:56

De iishockeyers fan de Hajé Flyers fan It Hearrenfean ferlearen sneon yn Utrecht mei 8-6 fan de Hoek Dragons. Hearrenfean kaam twa kear op foarsprong. Yn de earste perioade mei 3-0 en yn de twadde mei 5-3.

Mar de Feansters joegen beide kearen dy foarsprong út hannen. De lêste perioade waard ferlern mei 3-1 en doe stie de 8-6 einstân op it skoareboerd. Coach Chris Eimers wie dan ek net tefreden. Der hie folle mear ynsitten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)