Ruiter wint Woutersberchjerin

19 okt 2008 - 14:03

De Woutersberchjerin by Oranjewâld is sneon wûn troch Elmar Ruiter. De atleet út Hurdegaryp rûn de 6,5 kilometer yn 20 minuten en 23 sekonden. De Feanster Jan Jouke Vos waard twad, tred wie René Jaasma fan Drachten. By de froulju wie Ria Soet fan It Hearrenfean de winner.

Herman Hofstee fan Drachten wie sneon op Skiermûntseach de rapste by de Monnikerin. Hy hie foar de 15 kilometer krekt wat mear as 55 en in heale minút nedich.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)