Gemeenten spoare fraude op

© Omrop Fryslân
De gemeenten Achtkarspelen en Kollumerlân hawwe mei fraudeprevinsje by útkearings yn de earste helte fan dit jier dik 95.000 euro besparre. De gemeentlike fraudeprevinsjeamtner hat sân gefallen fan fraude opspoard, wêrtroch it jild besparre wurde koe.
De gemeenten sille yn de sân fraude-gefallen ek noch goed 72 tûzen euro werom foarderje. De fraudeprevinsje-amtner hat 21 saken ûndersocht. Dêrby gong it om mooglik swart wurkjen en fermogen dat net opjûn wie.