Earste oerwinning foar Aris

18 okt 2008 - 21:43

De Ljouwerter basketballers fan Aris pakten sneontejûn harren earste oerwinning in dizze kompetysje. Yn sporthal it Kealledykje waard Matrixx Magixx út Nijmegen mei 89-70 ferslein.

Al by it skoft wie der in gat fan 16 punten slein: 47-31. Nijmegen kaam dêrnei ek yn it tredde en fjirde kwart net yn it stik foar. Troch dizze oerwinning docht Aris it lêtste plakje yn de earedivyzje oer oan ZZ Leiden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)