Auto rydt tsjin trekker

18 okt 2008 - 14:40

Op de Tjalke van der Walstrjitte yn Koudum hat sneontemoarn in oanriding plakfûn tusken in auto en in trekker. In 20-jierrige man út Koudum hie syn trekker oan de kant set om de ferljochting te meitsjen.

Op dat stuit ried in 59-jierrige doarpsgenoat mei syn auto tsjin de foarside fan de ûnferljochte trekker. de automobilist is mei pine oan it boarst oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)