Oosterloo wint rin Súdlaren

18 okt 2008 - 14:22

Hurdrinster Jessica Oosterloo is sneon winner wurden fan de 'Zuidlaardermarktloop' oer 5000 meter. De atlete út Appelskea rûn de ôfstân yn 17 minuten en 46 sekonden. Pleatslik favorite Elisa de Jong waard twadde op 53 sekonden fan Oosterloo, yn in fjild fan 140 rinsters.

By de manljuswedstriid oer 10.000 meter waard Klaas-Jan Hofstra, ek út Appelskea, twadde. Wim Opten út Súdlaren wie de rapste fan de 325 dielnimmers. Syn tiid wie 31,20 minuten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)