Audysje foar NNJO yn Lawei

21 Jonge muzikanten foar audysje
21 Jonge Fryske muzikanten kamen sneon nei de Lawei yn Drachten. De muzyktalinten koene dêr audysje dwaan foar in nij harmony-orkest, it 'Noord-Nederlands Jeugd Orkest'. It orkest is oprjochte troch musikus en direkteur Michael Schimmel.
Hy woe neist de provinsjale jeugdorkesten graach in orkest mei talinten út Fryslân, Grinslân, Drinte en Oerisel oprjochtsje dat op heech nivo spylje kin. De talinten moatte dêrom al wat jierren spylje.