Fragen CU oer ferfiersûndersyk

Undersyk by Connexxion al bekendmakke
De steatefraksje fan de ChristenUnie wol fan Deputearre Steaten wite wêrom't in ûndersyk by Connexxion yn it foar bekend makke is by de ferfierder. Undersocht wurdt at de bussen wol op tiid ride.
De provinsje hat dat yn it foar oankundige by Connexxion. Dy hat dat dêrnei yn in brief wer bekend makke by it personiel. Neffens de ChristenUnie kin der op dizze wize in positiver byld ûntstean as de werklike situaasje.