Cambuur wint mei 4-1

Ruud ter Heide skoarde (bron: rtl)
Cambuur Ljouwert hat de útwedstriid tsjin Fortuna Sittard mei 4-1 wûn. Krekt foar de rêst skoarde Ruud ter Heide foar de Ljouwerters. Tsien minuten yn de twadde helte ferdûbele Maachi de foarsprong. Danny Guyt en Koen Brack makken it kwartet fol.
Fortuna skoarde noch wol ien kear, mar dat koe Cambuur foar sa'n twatûzen taskôgers net mear fan de winst ôfhâlde. Cambuur stiet no op it sânde plak fan de Jupiler League mei 19 punten.